Helptransport siket opslachromte

16 jul 2004 - 16:51

De wurkgroep Trynwâlden moat nije opslachromte ha foar it helptransport nei Roemenië. Oars diene se dat yn in loads fan de praktykskoalle yn Oentsjerk. Troch in reorganisaasje wurdt de loads ferkocht. Dan is der foar de wurkgroep gjin romte mear.

As net gau in oare opslachromte fûn wurdt, bestjut dat de ein fan de Trynwâldster helptransporten nei East-Europa. Freed is wer in frachtwein fol mei guod nei Roemenië ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)