Helptransport nei India

15 jan 2005 - 12:04

Trije Fryske sjofeurs binne freed mei in helptransport ôfreizge nei India. It guod is bedoeld foar slachtoffers fan de tsunami, yn 'e omkriten fan Madras. Mei inoar binne tsien frachtweinen ûnderweis.

It helptransport wurdt fersoarge troch in spesjalisearre bedriuw út Stienwyk, yn opdracht fan de stifting Motherhood. It wurdt betelle mei jild fan girorekken 555. De sjofeurs dogge der trije wiken oer om yn India te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)