Helptransport fêst yn Jordanië

19 aug 2003 - 00:00

In helptransport fan Drinte nei Irak stiet al fjouwer dagen stil yn de Jordaanske haadstêd Amman. It konfoai ferfiert medyske apparatuer en oare saken foar in sikehûs yn Midden-Irak. Fanwege fisumproblemen kin it transport no net fierder.

De Fries Douwe Dijkstra, ien fan 'e sjauffeurs, ferwachtet tiisdei fierder ride te kinnen. Dan krije se it langferwachte fisum en kinne se de Jordaansk-Irakeeske grins oerstekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)