Helptjinsten ûnder ien dak

16 okt 2009 - 20:15
  • De flaggen fan de helpferlieningstsjinsten wapperje yn Boalsert by elkoar

Neist de brânwacht en de plysje krijt ek de ambulânsetsjinst in plakje yn it nije gebou fan de helpferlieningstsjinsten yn Boalsert. Dat waard freed bekend makke by de offisjele iepening fan it gebou oan de Hichtummerwei.

Troch de trije tsjinsten byelkoar te bringen kin der flink besparre wurde op de húsfestingskosten. Derneist moat it soargje foar in folle bettere gearwurking by kalamiteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)