Helpsite foar flechtlingen Ljouwert smyt 300 oanmeldings op

20 okt 2015 - 11:06

Op Wewillenwatdoen.nl binne 300 mailtsjes binnenkaam fan minsken dy't wat dwaan wolle foar de flechtlingen yn it WTC yn Ljouwert. As earste aktiviteit is der tiisdei nifeljen en tekenjen dêr't sawat hûndert bern oan meidogge. Neffens de koördinator fan wijwillenwatdoen.nl binne de bern wol ta oan wat ûntspanning.

Der binne dan wol in soad opjeftes, mar dochs siket de organisaasje noch altyd minsken dy't ferkearsles of taalles jaan wolle, of dy't sport- en spuldagen organisearje wolle. Kuierje troch de stêd mei flechtlingen kin ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)