Helpkonvoai kin fierder

08 feb 2005 - 21:49

It helpkonvoai út Stienwyk dat stilstie by de Indiase grins kin wer fierder ride. De frachtweinen, mei trije Fryske sjauffeurs, binne ûnderweis mei helpguod foar de slachtoffers fan de seebeving. Der wie opûnthâld om't der in tagongs- bewiis nedich wie. Der wurde gjin ynfierrjochten betelle. Dat betsjut dat it guod gelyk útdield wurde kin op it plak fan bestimming. Nei alle gedachten komme se dêr kommend wykein oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)