Helphûnen sykje in thús

16 des 2009 - 11:25

Der binne pleechgesinnen nedich foar helphûnen. De Stifting Helphûn yn Drachsterkompenije traint hûnen dy't bern mei in beheining helpe. De pups wurde troch de stifting sels fokt.

Om yn de beneaming te kommen as pleechgesin, moat de hûn brûkt wurde kinne foar har fokprogramma. Dat betsjut dat in teefke twa kear pups krije moat. Rikels moatte beskikber bliuwe om te dekken. It is dreech om pleechgesinnen te finen om't de easken heech binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)