Helpferlienster thús út Haïty

22 jan 2010 - 16:38

Helpferlienster Betty Hibma fan Frjentsjer is tongersdei weromkaam fan Haïty. Se sjocht werom op in wike wêryn't in nachtmerje wurklikheid wurden is. Betty kaam oan op it fleanfjild fan Eindhoven, tagelyk mei sa'n hûndert adopsjebern.

No is Betty thús by mem oan it bekommen fan alle yndrukken. Foaral de ierdbeving sels ferjit se nea wer. Bettty Hibma wol letter dit jier wer nei Haïty ta om de kânsearme bern yn har tehûs te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)