Helpferliening studinten nimt ta

17 feb 2004 - 00:00

Studinten mei psychyske problemen klopje faker oan by de helpferliening fan de GGZ. Dit jier wurde 180 studinten ferwachte, tsjin goed 100 ferline jier. De groei komt om't de tsjinst hieltyd bekender wurdt.

De problemen rinne útein fan faaleangst oant depressiviteit. Nei in yntake wurdt besjoen oft in studint ferlet hat fan yndividuele petearen mei in psycholooch of mear holpen wurde kin mei in groepstraining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)