Helpferlieners bedrige troch man-yn-de-war

11 jan 2015 - 14:25
  • Ambulânse

In 20-jierrige man út De Tynje wie sneontenacht by Haskerhoarne sa bot mei de holle op 'e rin dat helpferlieners muoite hiene him te helpen. De man wie wiet en ûnderkuolle by in tankstasjon oan de sneldyk oankaam. Dêr is in ambulânse belle. It personiel krige him mei muoite de ambulânse yn. Underweis nei it sikehûs bleau de Tynster agressyf en bedrige er de helpferlieners en oanwêzige plysjes.

De man hie nei alle gedachten in psygoaze. Yn it sikehûs waar er mei kalmearingsmiddels rêstiger. It ambulânsepersoniel docht oanjefte tsjin de man

De plysje Noard-Nederlân lit witte gjin ferbaal of fysyk geweld tsjin plysjeminsken of helpferlieners te tolerearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)