Help út Fryslân nei Kanada

08 jul 2013 - 12:36
  • De oerstreamings yn Calgary

Esther Landman út Folsgeare is in aksje begûn om jild yn te sammeljen foar famylje yn Kanada dy't slachtoffer wurden is fan de oerstreamings dêr. Der binne al tûzenen euro's binnen. Famylje fan Esther wennet yn Calgary. Lykas 100-tûzen oare Kanadezen moasten se harren hûs út fanwege grutten oerstreamings. It hûs fan Sjoerd en Geesje Landman hat in soad wetterskea oprûn. Sûnt 22 juny wenje se dêrom yn in Camper. De fersekering dekt de skea net. De sus fan Sjoerd, Esther, gie dit sa oan it hert dat se mei in aksje begûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)