Help by sykjen reguliere baan

03 okt 2012 - 10:51
  • Logo Empatec lasser

Empatec wol meiwurkers better tariede op in baan op de reguliere arbeidsmerk. Alle 1750 meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenning krije mei it kompjûterprogramma Werkstad ynsjoch yn wat fan har ferwachte wurdt op it wurk en oft se noch saken byleare moatte. De baas sil de meiwurkers dêrby begeliede. Alle ûntwikkelingen wurde byhâlden yn de kompjûter. Binnen Empatec is in proef hâlden mei it nije ûntwikkelingssysteem. Dêrtroch hawwe in tal minsken al wurk fûn bûten de sosjale wurkfoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)