Help by skea pealrot

22 jun 2010 - 13:29
  • Natuergebiet Fochtelderfean

De PvdA-steatefraksje hat in inisjatyffoarstel yntsjinne om hûseigners mei pealrotskea te helpen. Dêrfoar is in liening mei in rinte fan 2 persint nedich. De provinsje moat dêrfoar in fûns fan 2 miljoen euro ynstelle. Deputearre Steaten moatte ek wer mei gemeenten en Wetterskip Fryslân sykje nei in oplossing.

Fjouwerhûndert húseigners yn feangebieten hawwe skea. De peallen yn de fundearring rotsje fuort troch it ferleegjen fan 'e wetterstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)