Help by opfieden bern

29 nov 2004 - 17:43

Gesinnen yn Skarsterlân kinne fan de gemeente help krije by it opfieden fan har bern. De gemeente wol mei stichting Thuiszorg besykje sa gedrachsproblemen op te spoaren. It giet dan om bern dy't net goed ite of net op bêd wolle.

Gauris ûntstean by dy groep ûnderwiisachterstannen. Dy moatte sa foarkommen wurde. De stipe bestiet út in searje spesjale kofjemoarntiden. Alders kinne sa op ynformele wize oanjaan wat de problemen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)