Help nedich foar reiddomp

27 jan 2010 - 21:40
  • De reiddomp (Joeke Paulusma)

De Fryske reiddompen ha ekstra help nedich om de winter troch te kommen. De fûgels binne bot ôfhinklik fan iepen wetter om fiskje te kinnen. Dat is der op't heden net.

Strange winters betsjutte yn 'e regel dat it lytse oantal reiddompen noch lytser wurdt. De reiddompen krije no help fan fûgelwachten. Joeke Paulusma fan Aldegea (S) is bygelyks al wiken dwaande mei it byfuorjen fan de fûgels. Hy tinkt dat der mear reiddompen binne út Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)