Help mei taal by dokter yn MCL

31 jan 2006 - 12:10

Frijwilligers sille yn sikehûs MCL yn Ljouwert pasjinten mei in oare memmetaal helpe by de kommunikaasje. De taal kin soms foar problemen soargje by in goed begryp tusken dokters en pasjinten. It sikehûs wol dêr wat oan dwaan.

De frijwilligers helpe minsken bygelyks by de tarieding op har doktersbesite. It giet om minsken dy't ûnderfining ha mei it begelieding fan minsken dy't it Nederlânsk net sa goed behearskje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)