Help Jelmer de Mont Ventoux op

02 maaie 2013 - 16:17
  • Jelmer Kleefstra
  • De spesjale fyts
  • De start fan de aksje foar Jelmer Kleefstra

Jelmer Kleefstra fan Noardburgum wol mei in handbike de Mont Ventoux op. Omdat er in seldsume spiersykte hat, kin er de berch net mei in gewoane fyts op. Hy hat in handbike noadich, mar hat dêr gjin jild foar. De gemeente wol de spesjale fyts net betelje en dêrom is tongersdeimiddei de Stichting Jelmer úteinset.

Jelmer sels joech in rolstoelbasketbalclinic en der binne balonnen oplitten. 6000 euro wol er ophelje foar dy spesjale fyts. Wat oerbliuwt giet nei ûndersyk nei kanker. As it slagget dan fytst Jelmer yn septimber de Mont Ventoux op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)