Help frege by fermissing

04 maaie 2004 - 00:00

De plysje siket help by in fermissing. Sûnt tongersdei 29 april wurdt Ronny Fred Brouwer fan Ysbrechtum fermist. Hy gie middeis mei de auto fuort. Neffens eigen sizzen nei in gearkomste yn Leiden. Hy ried fuort yn syn auto. In grize Ford Focus mei kenteken 67-LN-GH.

Brouwer is 56 jier en depressyf. Der bestiet in kâns dat de man himsels tekoart docht. Mooglik is er oan de kust yn Noard-Hollân. De plysje freget tsjûgen har te melden op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)