Help foar ûndernimmers

24 sep 2009 - 16:45

Santich ûndernimmers yn Noard-Fryslân krije mei mienskipsjild help mei it opsetten en trochsetten fan it bedriuw. Nei trije jier giet it wol gauris mis. De help komt ûnder oare fan ûndernimmers mei in soad ûnderfining. Provinsjes en gemeenten betelje deroan mei.

De help is in inisjatyf fan de stifting Solyda. Der is ûnder mear keazen foar Noard-Fryslân omdat dêr yn ferhâlding in soad startende ûndernimmers sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)