Help foar tsjerken It Amelân

10 nov 2009 - 23:15
  • De tsjerke fan Nes

De provinsje stipet de acht tsjerken op It Amelân mei 40.000 euro. Foar dat jild kinne de fjouwer bestjoeren de tsjerken foar it eilân behâlde. Ek kinne de tsjerken geskikt makke wurde foar tentoanstellings, konserten en foarstellings.

De gebouwen moatte tagonklik makke wurde foar minderfaliden en ek moat der ferljochting en lûdsapparatuer komme. De tsjerkebestjoeren wolle gebrûk meitsje fan nije techniken om minsken nei de tsjerken ta te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)