Help foar stichting Proloog

14 apr 2011 - 20:45
  • Proloog hat grutte finansjele problemen

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert wol it iepenbier ûnderwiis helpe om út de finansjele soargen te kommen, mar dan moat de organisaasje earst de saakjes op oarder hawwe. De iepenbiere skoallen falle ûnder de Stifting Proloog en dy hat in miljoenetekoart. Der moat bot besparre wurde. Mear as 40 learkrachten krije dien, dependânses wurde sluten en de klassen wurde grutter.

Koster makket har bot soargen oer de kwaliteit fan it ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)