Help foar sike wettersporters

04 mrt 2009 - 11:19

Wettersporters mei in sykte kinne tenei flugger help krije as der wat mei se bart, wylst se op de boat sitte. It Antonius sikehûs yn Snits hat op de HISWA wettersportbeurs yn Amsterdam nammentlik de needknop foar wettersport presintearre.

Minsken dy't in sykte ha, kinne de knop ynstallearje yn har boat. As der dan wat bart, kinne se fuortendaliks help krije. It systeem soe better wurkje as in gewoan tillefoantsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)