Help foar keatsmuseum

08 nov 2013 - 09:43
  • Medaljekast yn it keatsmuseum fan no
  • It gebou dêr't it keatsmuseum út moat

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wol in ienmalige bydrage oan it nije keatsmuseum fan Frjentsjer jaan. It museum sit no noch yn de eardere Friesland Bank, mar moat dêrwei. It gebou is oernaam troch in partikulier. Dy wol dat it keatsmuseum 15.000 euro hier yn 't jier betellet. Dat jild is der net.

Provinsjale steaten hawwe al 150.000 euro tasein. Wethâlder Twerda en in minderheid fan de ried wolle pas jild tasizze, as der in goed plan leit. Se wolle gjin blanko sjek útskriuwe. seit Twerda. Dat wolle FNP, CDA en Gemeentebelangen wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)