Help foar famylje fertochte

19 nov 2012 - 15:06
  • Hûs fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra ôfset

De famylje fan de fertochte Jasper S. krijt help om syn oanhâlding te ferwurkjen. It giet om syn frou, syn beide bern, syn âlden en syn susters. Dat seit boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. De famylje is ûnderbrocht op in geheim adres dêr't de boargemaster allinnich fan wit dat it fier fuort is.

Boargemaster Bilker wennet sels ek yn Aldwâld en ken de famylje. Hy seit dat se ferslein binne troch it nijs. De famylje krijt psychologyske help en praktyske help by it regeljen fan saken op it boerebedriuw.

Tiisdeitejûn is yn Aldwâld in besletten ynformaasjejûn oer de saak-Vaatstra en oer de oanhâlding fan de Aldwâldster. Dy jûn is allinnich foar ynwenners fan it doarp bedoeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)