Help foar dupearre silers

27 jun 2014 - 15:22
  • Sylskoalle

Sylskoallen en Beleef Friesland hawwe it op dit stuit drok mei it regeljen fan sylfakânsjes foar minsken dy't troffen binne troch it fallisemint fan de organisaasje Zeilscholen.nl. Beleef Friesland hat de saak op him naam om foar te kommen dat de provinsje Fryslân in negatyf imago kriget, seker no't de ANWB-gids De Kampioen by mear as fiif miljoen minsken op 'e matte falt mei in special oer silen op de Fryske marren. Neffens Beleef Friesland slagget it wol om alle silers wer in plak te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)