Help foar bern by skiedings

21 jan 2009 - 20:05

Bern wêrfan de âlders skiede kinne sûnt dizze moanne help sykje by Fier Fryslân. Dizze helporganisaasje wol mei it projekt bernebemiddeling âlders byinoar krije om dúdlike ôfspraken te meitsjen oer omgongsregelingen.

Wannear't heiten en memmen in protte spul ha, kin dat faak grutte emosjonele gefolgen ha foar bern. Yn Fryslân binne der jierliks tûzen skiedings. Bern tusken de 4 en 21 jier kinne har oanmelde foar it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)