Help foar ambulânsemeiwurkers

10 aug 2013 - 12:21
  • De plysje is noch altyd op syk nei de fermiste sylster

De ferskate earnstige ûngelokken dy't dizze simmer yn Fryslân bard binne, hawwe grutte ympakt op ambulânsepersoniel. It giet om ûngelokken lykas de dea fan it 17-jierrige sylfamke yn Grou, de ferdrinking fan de jonge by de Grutte Wielen yn Ljouwert en it echtpear út Limboarch dat omkaam op it PM-kanaal doe't se yn oanfarring kamen mei in frachtskip.

In protte meiwurkers ha ferlet fan help of opfang as se by in ûngelok west hawwe. De ambulânsetsjinst fernimt dat der dizze simmer mear ferlet is fan help as oare jierren.

Mei-inoar wurkje der sa'n 150 ambulânsemeiwurkers yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)