Help foar allochtoane froulju

05 jun 2008 - 10:01

Ljouwert wol allochtoane froulju better helpe. Dêr tekenet de gemeente tongersdei in oerienkomst oer mei minister Plasterk fan kultuer.

Ek acht oare gemeenten setten in hanteken. Earder diene seis oare grutte stêden dat ek al. Doel is om lanlik 50.000 froulju mear by de maatskippij te belûken. Dat soe kinne troch se frijwilligerswurk dwaan te litten. In soad allochtoane froulju wolle dat wol, mar hawwe in stimulâns nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)