Help fanwege oarloch Irak

01 apr 2003 - 00:00

Ynwenners fan Boarnsterhim kinne geastlike stipe krije as it giet om de oarloch yn Irak. Boargemaster Dykstra tinkt dat de oarloch in protte emoasjes opropt dêr't guon ynwenners net goed mei oerwei kinne.

Moandei en tiisdei hawwe de Boarnsterhimsters in brief fan harren boargemaster yn de brievebus krigen, wêryn't de oarloch oan de oarder steld wurdt. Minsken kinne help krije fan bygelyks de tsjerken of fan Humanitas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)