Help by berne-ûngelokken

01 feb 2007 - 16:26

Thússoarch it Friese Land komt mei in spesjale kursus 'Earste help by Berne-ûngelokken'. Mear as 50.000 bern wurde alle jierren nei in ûngelok opnommen yn it sikehûs.

Undersyk hat útwiisd dat as âlders daliks de goeie help jouwe, bern better te behanneljen binne. By de kursus leare minsken ûnder oare hoe't se reanimeare moatte. Alders, mar ek pakes en beppes en oare fersoargers kinne har opjaan foar de kursus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)