Helofitefilter by Berkenplas

08 apr 2014 - 16:48
  • It helofitefilter oan de Berkenplas
  • De Berkenplas op Skiermûntseach is in populêr swimplak

De kâns is grut dat der yn de takomst gjin blau-alch mear foarkomt yn de Berkenplas op Skiermûntseach. Wetterskip Fryslân hat yn gearwurking mei Natuermonuminten in saneamd helofitefilter pleatst. Dit is in sânfilter mei reid. Troch in buis wurdt it wetter út de Berkenplas pompt en op dy wize suvere. Dit moat de groei fan de alch tsjingean.

Earder waard yn de simmerperioade sa út en troch blau-alch oantroffen yn it marke. Dit kin by swimmers klachten oan hûd, de mage en de termen feroarsaakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)