Helmond Sport - Cambuur: 0 - 0

22 aug 2006 - 12:34

Cambuur hat moandeitejûn de twadde útwedstriid fan it seizoen mei 0-0 lyk spile tsjin Helmond Sport. Dêrmei krigen de Ljouwerters te min, want benammen yn de earste helte krigen sy fiif kânsen op in goal. Mar ynsetten fan ûnder oare Barakat en Roosenburg gienen der net yn.

Yn it lêste kertier fan de wedstriid kaam Helmond Sport noch opsetten en moast keeper Van der Vlag noch in pear kear yn aksje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)