Helmholt wint yn Gryptsjerk

21 aug 2011 - 00:56
  • Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt hat yn Gryptsjerk de oerwinning pakt. Helmholt hie mar ien goeie sprong nedich fan 20,45 meter. Al syn oare sprongen wiene yn it wetter of bûten de sektor. Thewis Hobma wie mei 20,14 meter twadde. Ysbrand Galama waard tredde.

By de froulju wie Hiske Galema fan De Haule mei in sprong fan 15.76 meter de bêste. Age Hulder wûn by de junioaren, wylst Sytse Bokma de bêste wie yn de jonges-kategory.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)