Helmholt wint yn Bûtenpost

20 jun 2010 - 14:02
  • Bart Helmholt wer de fierste

De njoggende fierljepwedstriid fan dit seizoen is wûn troch Bart Helmholt. De Burgumer gie it bêst mei de minne waarsomstannichheden om en pakte mei in sprong fan 18.09 meter syn seisde deititel. Hans Ulco de Boer fan Jutryp ferovere mei 17.26 meter de liederstrui by de junioaren. Gregor Boelens wûn by de jonges oant no alle wedstriden, no mei 16.69 meter.

By de froulju gie de titel ferrassend nei Tessa Kramer yn in nij persoanlik rekôr fan 14.61 meter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)