Helmholt wint yn Burgum

14 jun 2008 - 23:06
  • Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)
  • Anne Jet Leyenaar (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneontejûn de wedstryd op syn thússkâns yn Burgum wûn mei in sprong fan 19.51 meter. Twadde wie Hannes Scherjon fan Noardburgum mei 18.69. Henk Schievink fan Ljouwert, pakte de tredde priis mei 18.51.

By de junioaren gie de winst nei Nard Brandsma. Hy sprong 17.79. Anne Jet Leyenaar wûn it by de froulju mei 14.10. By de jonges wie Albert-Jan Venema ferrassend de bêste mei in persoanlik rekord fan 16.39.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)