Helmholt wint op It Heidenskip

02 jul 2011 - 11:27
  • Bart Helmholt (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt hat freedtejûn de fierljepwedstryd op It Heidenskip wûn. Yn de finale kaam hy ta in ôfstân fan 20.11. Henk Schievink waard twadde mei in kreas nij persoanlik rekôr fan 19.92.

Alwin Fonk wûn by de junioaren. Hy kaam ta 19.54, ek dat wie in nij persoanlik rekôr. Age Hulder helle de finale net. By de froulju wûn Anna Jet Leijenaar (15.13) en by de jonges pakte Sytse Bokma, mei in nij pr, de winst (17.70).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)