Helmholt wint mei oermacht

02 jun 2007 - 23:19
  • Bart Helmholt (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt fan Hurdegaryp wie sneontejûn fierwei de bêste by de fierljepwedstryd yn Bûtenpost. Mei in sprong fan 19,52 meter bleau er de konkurrinsje hast in meter foar. A-klasser Rein van der Wal waard knap twadde mei 18,55 meter.

By de junioaren wûn Chaim La Roi fan Gerkeskleaster syn earste wedstryd mei 17,37 meter. De oerwinning by de jonges gie nei Alwin Vonk fan Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)