Helmholt wint ljepperij Drylts

12 aug 2004 - 15:24

Bart Helmholt wûn woansdeitejûn de generale foar it Frysk Kampioenskip Fierljheppen dat kommende sneon yn Winsum hâlden wurdt. Yn Drylts ljepte de Burgumer fertsjinstlik 18 meter 13. Net ien fan 'e oare topklassers kaam yn 'e buert. Evert van der Wal waard twadde mei 17 meter 67, Rients van der Wal waard tredde mei 17 meter 08.

By de froulju gie de oerwinning nei Antke van der Wal mei 14.24. Hannes Scherjon wûn by de junioaren yn 14.24.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)