Helmholt wint fierljeppen

29 maaie 2005 - 21:43

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneon yn Burgum de earste fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. Helmholt sprong 17 meter en 25 sintimeter fier. Hy bleau Rients van der Wal fan It Heidenskip mei in minym ferskil fan 2 sintimeter krekt foar.

De winst by de junioaren wie foar Hannes Scherjon fan Noardburgum, mei 17,31. By de froulju wûn Sjoukje Tjalma fan It Heidenskip, yn 12,81. Takom sneon wurdt der fierljept yn Drylts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)