Helmholt springt 20.60 meter

06 aug 2007 - 20:56
  • Bart Helmholt (argyffoto)
  • it nije rekôr (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat moandeitejûn op de skâns fan Burgum in nij Nederlânsk rekôr sprongen mei 20 meter en 60 sintimeter. Dermei ferbettere hy syn eigen âlde rekôr fan ferline wike. Doe kaam hy oant 20.23 meter.

De sprong is no ek offisjeel de fierste ôfstân oait yn Nederlân. Dat rekôr stie sûnt ferline jier op namme fan doe noch junior Jaco de Groot út it Hollânske Kamerik mei 20.41 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)