Helmholt is rekord kwyt

06 aug 2006 - 17:15

Bart Helmholt is syn nasjonaal rekord fierljeppen sneon kwytrekke. By de Hollânske kampioenskippen sprong Jaco de Groot út Kamerik in ôfstân fan 19.96 meter. Dat is 19 sentimeter fierder as it rekord fan Helmholt.

Helmholt sprong op 18 july fan dit jier op de skâns fan It Heidenskip in nasjonaal rekord fan 19.77 meter. De ferwachting is dat de ljeppers dit jier de grins fan 20 meter passeare sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)