Helmholt no al oer 20 meter

21 maaie 2009 - 08:43
  • Bart Helmholt al betiid yn foarm (foto Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt hat no al fierder as tweintich meter sprongen. Yn de twadde wedstriid fan it seizoen sprong er woansdeitejûn yn Gryptsjerk 20.03 meter. Dat is in knappe prestaasje, omdat de fierljeppers gewoanwei mear wedstriden nedich hawwe om fiere ôfstânnen del te setten.

By de junioaren pakte Jacob Scherjon syn twadde oerwinning. By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar en by de jongens gie de winst nei Albert-Jan Venema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)