Helmholt ljept wer it fierste

29 jul 2006 - 12:27

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat freed it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. Hy ljepte in ôfstân fan 19.13 meter en dat wie in nije skânsrekord. Twadde waard Oane Galama fan it Heidenskip mei 17.70 meter en tredde Ysbrand Galama fan it Heidenskip mei 17.59m.

By de froulju gie de oerwinning nei Janneke Noordmans fan Burgum, mei in sprong fan 14.25m. Dat wie in persoanlik rekord. Twad waard Jildou Postma en tredde Joke de Boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)