Helmholt en Haanstra like fier

17 jul 2006 - 10:38

Frysk kampioen Klaas Haanstra fan Warkum is sneon mei in sprong fan 18.32 meter winner wurden fan it fierljeppen yn Winsum. It wie syn earste sprong oer 18 meter dit jier. Haanstra moast de dei-oerwinning diele mei junior Thomas Helmholt fan Burgum. Syn sprong betsjutte in nij persoanlik rekord, syn earste oer 18 meter en in skânsrekord foar junioaren yn Winsum.

By de jonges wûn Evert Ane Abma. By de froulju Jildou Postma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)