Helikopter ynset by sykaksje

01 jan 2009 - 11:52
  • Flip Koekkoek

In SAR-helikopter siket Nijjiersdei wer nei de fermiste reedrider út Woerden. Der wurdt ek noch besjoen oft der speurhûnen ynset wurde kinne by de syktocht yn de omkriten fan de Ryptsjerksterpolder.

De man wurdt sûnt tiisdei fermist. De ôfrûne twa dagen ha syktochten neat opsmiten. Op Aldjiersdei binne der folders op de polder útdield, mei in sinjalemint fan de fermiste Flip_Koekkoek. Earder waard ek mei in waarmtebyldkamera yn in heli socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)