Helikopter siket brânbulten

30 des 2011 - 12:13

De Fryske plysje stjoert op âldjiersdei in helikopter de loft yn om yllegale brânbulten op te spoaren. Dat heart by de tarieding op de jierwiksel. De plysje is al moannen dwaande om alle mooglike knipepunten op te spoaren. Buertplysjes hawwe losse klinkers, autowrakken en âlde krystbeammen fuorthelje litten.

De plysje hat op dit stuit gjin oanwizings dat der grutte ûnrêst wêze sil mei de jierwiksel. Minsken dy't ferline jier foar oerlêst soarge hawwe, wurde wol ekstra yn de gaten hâlden. Der binne yn Fryslân gjin minsken dy't har ferplicht melde moatte mei âld en nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)