Heler út Twizelerheide oppakt

21 jul 2014 - 10:57

In 50-jierrige man út Twizelerheide is sneintemiddei oanhâlden op fertinking fan heling. Op syn hiem waarden ferskate saken fûn, dy't earder stellen wiene fan in man út Enschede. It giet om in oanhingwein, trije meanmasines en in bûtenboardmotor.

De man út Enschede seach syn guod op ynternet te keap stean en gie nei Twizelerheide. Doe't hy syn ark dêr stean seach, skeakele hy de plysje yn. De man út Twizelerheide sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)