Heler pakt op Weaze

06 aug 2008 - 11:01

Yn Ljouwert is in 19-jierrige jonge út Amsterdam oanhâlden op fertinking fan heling. De man waard op ´e Weaze sinjalearre mei in fyts dy´t gjin kaai yn it slot hie. Doe´t de gegevens fan de fyts opfrege waarden, die bliken dat dy stellen wie.

De fertochte is meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er eins elektronysk húsarrest hie. Hy hie de ankelbân lykwols ôfdien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)