Heldoorn nije foarsitter IFKS

26 apr 2014 - 07:36

Sicko Heldoorn, boargemaster fan Dantumadiel, is de nije foarsitter fan skûtsjesylorganisaasje IFKS. Heldoorn is de opfolger fan Willem Hoornstra. Oarspronklik soe Ab Borg de nije foarsitter wurde, mar de skippers akseptearden dit net.

De ledefergadering dêroer begjin maart rûn folslein út de hân. It folsleine IFKS-bestjoer is doe ôftreden. Skûtsjeskipper Sikke Heerschop waard boppedat royeard, omdat er him misdroegen hawwe soe. Dat royement is letter weromdraaid.

Heldoorn is foar seis jier beneamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)