Helderol Friezen yn Gambiasaak

01 apr 2004 - 00:00

It is oan Willem en Aaltsje Meesters fan Bitgummûne te tankjen dat de bern út Meppel dy't al moannen sûnder âlders yn Gambia sieten, nei hûs brocht binne. It echtpear hearde op in terras fan 'e trije Nederlânske bern fan 10, 13 en 15 jier. It die bliken dat de bern troch harren âlders yn 'e steek litten wiene.

Meeters warskôge de autoriteiten. Tanksij syn optreden koe de frjemdelingetsjinst de bern werom bringe nei Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)